Alde Maaie » Verhalen

Verhalen

Maitydgedachte Sondel, Febrewaris 2009

Hjir folgje inkele wurden fan in âld man dy’t samar wat opskriuwt. De dagen begjinne al wer behoarlik te lingjen, it wurd allegearre wat blider en ljochter. sels de fûgels begjinne drokker te wurden, de guozzen begjinne al wer aaien te lizzen. It duorret net lang mear, dan sjogge en hearre wy de ljippen ek wer.
It earste strûkje en beamkes begjinne ek wer út te sprúten. De earste tulpen komme al wer boppe de grûn. It wurd wer maitiid. It begjint allegeare wer te bylkje fan libjen. Sels dy eigen bloed wurd wer tinner en begjint hurder te streamen; dan komme der wer tinsen yn ús boppekeamer, it wurd allegearre wer oars, wat blider, it komt allegearre wer goed, de simmer komt der wer oan.

Ho! Ho! Wiebe, net te hurd drave, we binne der noch net, der komme noch genôch buien mei hagel en snieflokken, it wurd fest noch wol kâld.
Mar net oerynsitte jonkje, it komt allegearre wol wer goed. Mar noch wol efkes geduld, net te hurd drave, we binne der noch net. Wy wolle faak te hurd, wy moatte geduld hawwe, it hat nea oars west. Sa sit jo soms te tinken en dan komt der fan alles boppe, moaie en minder moaie dingen, dingen fan koartlyn, mar ek dingen fan earder.

Wy libje hjoed de dei yn ’n wrâld dy’t wy net mear snappe en begripe. Wy tochten dan hjoed de dei mei minsken me safolle ferstân, dat er neat wer in krisis komme soe. Mar ho mar, der is noch nea sa folle oer de krisis skreaun en praat as hjoed de dei, mar hoe dat presys komt wit ik net en folle mei my net, mar hy is der wol.

De iene sit der mear mei as de oare, dat hat ek nea oars west, dat is ek mar krekt yn wat foar libbensfaze men libbet en wat men by de ein hat. De iene kin him d’r better mei rede as de oare en hoe lang it duorret wit ik net, ik tink dat net ien dat presiis wit. Wy hoopje allegearre wat gauwer wat leaver. Mar it giet wol wer oer, de tiid sil it leare.
Dit docht my tinken oan 1934 doe’t myn âlden ut earmoed ferhûzje moasten nei in oar hinnekommen. Nei in oare pleats, fan Sniksweach nei Aldeboarn. In pear dagen foar die tiid wiene wy, myn broer dy’t in pear jier âlder wie, oan it boartsjen op e dyk. Wy wiene oat it stientsje pikken. Doe fytste der in man by ús lâns; ien fan ús twaen pikt krekt yn Stien yn it brilleglês fan dy man, dat syn bril wie stikken. Dy man wie wyld en wy moasten mei him nei ús âlden ta. Dy woe fansels jild hawwe foar in nije bril, mar ús mem hie ek neat mear. Ik wit noch best dat ús sparpotten moasten oer de kop en it jild der út; der sil ek wol net folle yn sitten ha. Ik wit noch klear, it wie in stienen griene baarch, mei in gleuf der boppe yn. Ik haw him noch. Der sit no ald jild yn . Wy libben doe yn in oare wrâld, alles wie oars.
Sa as ik al skreau, wy soenen doe ek ferhúzje of ferfarre hoe do it ek mar neamest.
Wy wennen ticht by it wetter en de boaten wienen der ek de moarns al betiid.
In grutte motorboat dêr’t it fee ûnderyn koe en in grutte pream mei in dak derop dêr’t ek fee yn koe. Dit barde allegearre op ien dei, 12 maaie 1934. De buorlju holpen en allegearre mei.
Ik tink dat wy om tsien oer klear wienen mei it ynladen, dat doe koene wy farre.

Eartiids ferhuzen de boeren ek mear as hjoed de dei ( doe wie de pachtwet der ek noch net- de wet Ebels- sa goed as ik wit + 1936) doe mocht de pleatsen noch ferhierd wurde foar 3 of 6 jier. Nei de wet Ebels allinnich mar foar 12 jier en do waard de hier of pacht fan hegerhân feststeld. Wy hienen ien gelok dy deis, it wie hiel moai waar. It wie foar ús as bern in hiele ûnderfining. Wy koene allegear bûten op’e boat sitte en ite en drinke. Sa goed as ik noch wit, krigen wy der die dei pankoeke (hearlik) mei sûpenbrij. Sa foeren wy op’e sluzen oan nei Terherne ta. Fierder troch de sluzen nei Akkrum en sa troch nei Aldeboarn ta. Hoe let wy der wienen, wit ik net mear, mar doe wy der oankamen stienen der in soad minsken op’e wâl. In protte ha doe meiholpen om de boat leech te krijen.
De kij koene doe daliks yn it lân en it húsrie yn’e hús. Dat wie troch inkele froulju as skjinmakke. Mar ien ding ferjit ik nea wer; doe’t wy der oan kamen siet der yn it finsterbank in bleke, meagere jongfeint te sjen hoe of alles der om en ta gong. Nei in wike stie it folgjende gedicht yn de Hepkema krante dy’t doe útkaam:


Forfarre

‘k sjoch bok en boat en pream beladen,
En wein en auto’s lâns de paden.
Mei húsried, fe en oar gerak
Hja geane nei de frjemde minsken hinne
Hwer’t folle frjemde minsken binne
Om oar en better ûnderdak!

Hwet eigen waerd, det moat fordwine
Hwet frjemd is, op det stee forskine,
It is as; t wikseljen fen’e tiid.
De iene koe der neat didije,
In oar scil no syn kreften wije,
Sa is de minsk’ne libbensstriid!

Wy komme, geane, libje, stjerre,
Det is de wei fan allegearre
’t sij heech ef leech et sterk ef swak.
Ef wy hjir ryk ef earem binne,
En folle ef neat forsette kinne
Wy romje straks foar oaren plak.

Wy moatte allegear forfarre,
Den net mei skip ef wein ef karre,
Mar troch in unbigrepen macht.
Loksillich hwat’t op ingle hannen
Forfart nei ljochte himmelhannen,

Ut ierdske soargen swarte nacht!
Den komt in ein oan alle lijen,
Den komt for ivich us befrijen
Fen alle ûnk en libbens lest
Dy dei wol ik mei langstme biidzje
My yn it kommen stil forbliidzje,
As ik forfar nei d’Iv’ge rest.


Maeije 1934

Inkele wiken letter stie der in rouadfertinsje yn’e Hepkema, dat P.H. Akkerman op 24 jierrige leeftyd stoarn wie oan TBC.
Ek stie syn lest gedicht yn deselde krante, dat hjitte Tankber.

Tankber wol ik wêze.
Dat ik sprekke mocht;
Follen hawwe lêzen
Hwet myn hert bitocht.

Strak scill’net mear klinke
Wirden út myn hert;
Hwent myn kreft scil sinke,
En myn lûd forstjert

‘k sjoch de jounstiid kommen
Fen myn libbensdei;
‘k Ha it al lang fornommen,
Moed en kreft gean wei….

Tank oan allegearre
Dat ik sprekke mocht
‘k hoop, dat nei ‘t forstjerren
It noch seine docht.

Den wier hiel myn libben
Dochs in rike skat,
En foar freon en sibben,
Tankje ‘k earst myn God

Juny 1934

Pieter, tank foar dizze bliere wurden yn dizze tsjustere wrâld
Groetnis Wiebe Brouwer

Terug naar het overzicht